VIP-Jûn
Soargje dat jo bedriuwsnamme ûnder eagen komt by tûzenen minsken? Dat kin! Wurd sponsor fan it Iepenloftspul Dronryp en jo wurde sjoen as bedriuw dat Frysktalige teaterkultuer stipet. En alle sponsors sjogge wy fansels ek graach by de foarstelling. Alle jierren wurdt der in spesjale jûn organisearre foar ús sponsors: de VIP-jûn. Op dizze jûn biede wy ús besikers krekt wat mear: hapkes, drankjes en muzyk yn it skoft en nei ôfrin. En dat hielendal yn de sfear fan it stik. Wy hawwe fjouwer sponsormooglikheden foar jo, mar ‘sponsoring op maat’ kin fansels ek.
Mooglikheid 1
§ Twa kaarten foar de VIP-jûn
€ 100,00 (eksklusyf BTW)
Mooglikheid 2
§ Fjouwer kaarten foar de VIP-jûn
€ 185,00 (eksklusyf BTW)
Mooglikheid 3
§ Seis kaarten foar de VIP-jûn
§ Tolve konsumpsjebonnen
€ 275,00 (eksklusyf BTW)
Mooglikheid 4
§ Tsien kaarten foar de VIP-jûn
§ Tweintig konsumpsjebonnen
€ 425,00 (eksklusyf BTW)
In kaart foar de VIP-jûn hâldt yn:
- tagong ta de spesjale foarstelling foar sponsors (bedriuwen)
- in tal konsumpsjes fergees
- hapkes
- presintsjes
- muzyk
De sponsoring hâldt fansels ek yn dat de bedriuwsnamme te sjen is:
- op ús webside;
- yn ús hûs-oan-hûskrante;
- yn it programmaboekje.
Spesjaal VIP-arranzjemint foar ‘Op Hatsum’
Foar de VIP-jûn is der de mooglikheid om lekker te iten fan in fiskdiner yn ‘Op Hatsum’: it Vip-arranzjemint. Earst ite en dan nei de foarstelling! Kaarten foar de VIP-jûn ynklusyf it VIP-arranzjemint yn ‘Op Hatsum’ kostje € 97,50.
Ekstra kaarten?
Wolle jo njonken boppesteande sponsormooglikheden mear kaarten foar de VIP-jûn, bygelyks om te jaan oan jo saaklike relaasjes? Dat kin fansels. Losse kaarten foar de VIP-jûn kostje € 30,-. it stik (eks. BTW). Ekstra konsumpsjebonnen kinne jo ek yn it foar bestelle.
Kontakt!
Wolle jo sponsor wurde of wolle jo mear ynformaasje? Stjoer in e-mail mei jo namme, de bedriuwsnamme en jo tillefoannûmer nei info@iepenloftspuldronryp.nl en wy nimme kontakt mei jo op.
Stiper wurde
Wolle jo Iepenloftspul Dronryp foar langere tiid stypje? Dat kin. It jierlikse stiperbedrach is € 12,50. In stiper krijt € 2,50 koarting op de tagongskaart. (maks. twa it jier). Stjoer in email nei info@iepenloftspuldronryp.nl en it wurdt mei en foar jo regele.