It stik fan 2012 is in bewurking troch Jelmar Hoekstra fan it (wierbarde!) ferhaal fan de man dy’t strannet op in fleanfjild en dêr mear as in jier wennet! Jelmar docht sels ek de rezjy fan it stik. It is in bysûnder ferhaal dat ta de ferbylding sprekt en wêr’t men in soad kanten mei út kin. Dat dit aparte ferhaal ynspirearret bewize de boeken en films dy’t der oer makke binne.


Yn 1993 wie dat de Frânske film Tombés du ciel (Ut de himel fallen) fan Phillipe Lioret en yn 2007 makke Steven Spielberg de film The Terminal mei Tom Hanks yn de haadrol. Op Wikipedia skriuwt men oer de eftergrûn fan it skript it folgjende:


Hoewel het verhaal fictief is, werd het geïnspireerd door de ware belevenissen van Mehran Karimi Nasseri, een Iraanse vluchteling die van 1988 tot 2006 in hal 1 van het vliegveld Charles de Gaulle bij Parijs woonde, omdat zijn papieren waren gestolen.


Fansels jout Iepenloftspul Dronryp syn eigen draai oan dit hast-net-te-leauwen ferhaal. It moaie is dat it him allegear op ien plak ôfspilet, nammentlik it fleanfjild. Dat der oer fleanfjilden en harren besikers hiel wat te fertellen en sjen te litten falt hoege wy net út te lizzen. Sjoch mar nei alle ferhalen op de tillefyzje oer minsken dy’t reizgje of reizgje sille. Elk reizgjend minske nimt in ferhaal mei him of har mei en wy wolle dat witte. Wa hâldt it droech by programma’s as Spoorloos of Memories. Hâld de bûsdoeken mar yn de oanslach! Wa wurdt net in hiel lyts bytsje jaloersk by Ik vertrek, Grenzeloos verliefd of Het roer om?


De populariteit fan sokke programma’s jout oan, dat wy minsken altyd nijsgjirrich binne nei de ferhalen fan minsken dy’t geane, minsken dy’t komme, minsken dy’t meireizgje, minsken dy’t ûnthelje en ophelje, minsken dy’t efterbliuwe en fansels al dy minsken dy’t wachtsje…!


It wurdt in stik mei in protte dûns, beweging, figuraasje en prachtrollen.


Comments are closed.