It stik fan 2012 sil in bewurking wurde troch Jelmar Hoekstra, dy’t fan’t jier ek de rezjy docht fan it (wierbarde!) ferhaal fan de man dy’t strannet op in fleanfjild en der dan ferfolgens mear as in jier wennet! In bysûnder ferhaal dat ta de ferbylding sprekt en wer’t men in soad kanten mei op kin. Dat dit aparte ferhaal ynspirearret bewize de boeken en films dy’t deroer makke binne.
Yn 1993 de Franse film ‘Tombés du ciel’ (Út de himel wei fallen) fan Phillipe Lioret en yn 2007 makke Steven Spielberg der in film oer mei Tom Hanks yn de haadrol, dizze film hjitte ‘The Terminal’, op Wikipedia skriuwt men oer de eftergrûn fan it skript it folgjende:
Hoewel het verhaal fictief is, werd het geïnspireerd door de ware belevenissen van Mehran Karimi Nasseri, een Iraanse vluchteling die van 1988 tot 2006 in hal 1 van het vliegveld Charles de Gaulle bij Parijs woonde, omdat zijn papieren waren gestolen.
Fansels jout Iepenloftspul Dronryp harren eigen draai oan dit hast-net-te-leauwen ferhaal, it moaie is dat it him allegear op ien plak ôfspilet, nammentlik in fleanfjild. Dat der oer fleanfjilden en harren besikers hiel wat te fertellen en sjen te litten falt, dat hoeche wy net út te lizzen. Sjoch mar nei alle ferhalen op de tillefyzje oer minsken dy’t reizgje of reizgje sille. Elk reizgjend minske nimt in ferhaal mei him of har mei en wy wolle dat witte. Wa hâldt it droech by programma’s as Spoorloos of Memories, hâldt de bûsdoeken mar yn de oanslach! Wa wurdt net in hiel lyts bytsje jaloersk by Ik vertrek, Grenzeloos verliefd of Het roer om.
De populariteit fan sokke programma’s jout oan, dat wy minsken altyd yntressearre binne nei dy ferhalen fan minsken dy’t gean, minsken dy’t komme, minsken dy’t meireizgje, minsken dy’t ûnthelje en ophelje, minsken dy’t efterbliuwe en fansels al dy minsken dy’t wachtsje…!
It wurdt in stik mei in protte duns, beweeching, figuraasje en prachtrollen.