Iepenloftspul Dronryp spilet fan ’t jier Ut ‘e loft. It stik is basearre op it wier barde ferhaal fan in man dy’t sûnder papieren op in fleanfjild oankomt. Hy kin gjin kant út en wennet dêrom in jier lang op it fleanfjild. It is in ferhaal dat tige ta de ferbylding sprekt en ek ferskate kearen ferfilme is.
It fleanfjild is dus fan’t jier it dekor foar iepenloftspul Dronryp. De rollen binne ferdield en de repetysjes binne út ein set. Mar wat is in fleanfjild sûnder drokte en sûnder minsken? Wat is in fleanfjild sûnder fakânsjegongers, sakelju, skjinmakkers, blommeferkeapers, fuortbringers, stewardessen, swalkers en neam mar op. Iepenloftspul Dronryp siket dêrom figuranten dy’t dy rollen ynfulle kinne en soargje foar in libben dekor. Manlju, froulju, jonges, famkes: elkenien kin meidwaan.
De repetysjes foar de figuranten sette yn maart út ein. Yn febrewaris wurdt in spesjale byienkomst organisearre foar alle figuranten.
Liket it dy leuk om de bysûndere sfear fan it iepenloftspul te priuwen? Meld dy dan foar 12 febrewaris 2012 oan as figurant fia it oanmeldformulier of stjoer in mail nei info@iepenloftspuldronryp.nl.